De provinsje Fryslân sil tenei alle gruttere oanfragen op it mêd fan sinne-enerzjy beoardielje oan de hân de saneamde ‘sinneljedder’. Dat is in ranglist mei mooglike lokaasjes foar de oanlis fan sinneparken.
It sinnepark by Easterwâlde – Foto: Omrop Fryslân
De sinneljedder is tiisdei publisearre yn de Staatscourant en dêrmei in offisjeel ynstrumint wurden. Deputearre Sietske Poepjes wol troch de ynset fan de sinneljedder foarkomme dat der tefolle sinneparken oanlein wurde op lânbougrûn.
“Mei sinnepanielen op in dak of in ‘oerhoekje’, in stikje grûn dêr’t fierder neat mei dien wurdt, is net folle mis. Mar as provinsjale oerheid sjogge we leaver gjin sinneparken op lânbougrûn”, seit Poepjes. “Dat is wat ús oanbelanget de alder- alderlêste opsje.”
Nije oanfragen ‘befrieze’
De provinsje sil it kommende heal jier alle nije oanfragen foar sinneparken ‘befrieze’, om dy letter te beoardieljen mei help fan de nije sinneljedder. Poepjes seit derby, dat elke oanfraach ‘op eigen merites’ besjoen wurde sil, mar beskôget de sinneljedder as in nuttich helpmiddel. “Op in bedriuweterrein is mear mooglik as yn ‘e greide, mar it hinget fan de spesifike omstannichheden ôf.”
De provinsje Fryslân wol mei de sinneljedder oanjaan dat ‘net alles mear mooglik is’, as it giet om plannen foar grutskalige sinneparken. De Fryske oanpak, en seker de sinneljedder is neffens Poepjes reedlik unyk yn bestjoerlik Nederlân, mar dêr is neffens har wol reden ta. “We binne de hoeder fan it Fryske lânskip en moatte altyd op syk nei de goede balâns tusken aktiviteit en rêst en romte.”
Bron: Omrop Fryslân