Wynjewâld nimt earste kollektive sinnedak yn gebrûk


Ien dak, 200 sinnepanielen en meardere húshâldens dy’t der op oansletten binne. Yn Wynjewâld wurdt freed it earste kollektive sinnedak fan it doarp yn gebrûk naam. De panielen lizze op it dak fan soarchbuorkerij De Twa Bûken en binne in inisjatyf fan de koöperaasje ‘Wijnjewoude Energie Neutraal’.

‘Wijnjewoude Energie Neutraal’ is in idee fan in oantal ynwenners fan Wynjewâld. Se leine it plan foar oan it pleatslik belang, dat tige entûsjast wie om as doarp de útdaging oan te gean om enerzjyneutraal te wurden yn tsien jier. “Alle bewoners kunnen meedoen om met elkaar te besparen op onze energie en te kijken waar mogelijkheden liggen om zelf energie op te wekken”, fertelt Janny Janssen fan Wijnjewoude Energie Neutraal.

Foar it plan wurke de koöperaasje ûnder oare gear mei de gemeente, de provinsje, de wenningboukorporaasje en it wetterskip. “Energieneutraal worden, is een beweging waarbij je allerlei maatschappelijke partners nodig hebt.”

‘Postcoderoosproject’
It kollektive sinnedak wurdt it ‘postcoderoosproject’ neamd. Dat hâldt yn dat minsken dy’t graach griene enerzjy opwekke wolle, mar dat net kinne op harren eigen dak, sinnepanielen keapje kinne op it dak fan soarchbuorkerij De Twa Bûken. Oan it projekt dogge 14 húshâldens mei.

Utfeartferiening
“Mensen kunnen deelnemen aan het project voor 300 euro per paneel. Dat is letterlijk ‘all-in’. Maar niet iedereen heeft 300 te besteden. Je kunt ook deelnemen voor 100 euro per paneel.” Dy oare 200 euro moat fansels wol earne oars weikomme. “Daarom dachten we: hoe mooi zou het zijn als een andere lokale maatschappelijke organisatie voorlopig die 200 euro kan uitlenen.”

It restearjende bedrach wurdt dêrom foarfinansiere troch útfeartferiening Eert de Doden. Sa kinne minsken, yn tiden dat se wat minder jild hawwe, dochs harren eigen stroom opwekke.

“Dit idee is door de overheid ontwikkeld en de overheid geeft de participanten korting op hun energiebelasting”, ferfolget Janssen. “Dat wil zeggen: men hoeft geen energiebelasting te betalen voor de energie die zelf is opgewekt.”

Wijnjewoude Energie Neutraal is fan plan om mear ‘postcoderoosprojecten’ op te setten. “Er is één beperking. Alleen mensen die wonen in gebieden van een postcoderoos, aanliggend aan die van De Twa Bûken, kunnen deelenemen. Hier in Wijnjewoude zitten op 9241. Daar kunnen dan bijvoorbeeld Ureterp, Bakkeveen, Donkerbroek aan meedoen.”

Bron: Omrop Frylân