Mear grutte sinnefjilden om taakstelling te heljen

Der moatte mear grutte sinnefjilden yn Fryslân komme. Oars hellet de provinsje net de taakstelling om yn 2025 foar 1300 megawatt oan sinne-enerzjy te produsearjen. Dat seit deputearre Michiel Schrier.

Foto: Omrop Fryslan
De provinsje hat oant no ta foaral ynsetten op sinnepanielen op dakken fan huzen en bedriuwsgebouwen. Mar dat hat noch mar 226 megawatt oan sinne-enerzjy opsmiten. Fierstente min dus. Dêrom wol Schrier mei gemeenten en ynwenners yn petear om dochs mear sinnefjilden yn Fryslân del te lizzen.

Bron: Omrop Fryslân