Ljouwert wol grûn keapje om minsken duorsum te meitsjen

Ljouwert wol eksperimentearje mei tydlike erfpacht foar duorsume maatregels. De grûn fan partikulieren kin dan ferkocht wurde oan de gemeente om mei de opbringst bygelyks waarmtepompen en isolaasje te keapjen.

Foto: Marc van der Wal
Yn de nije konstruksje hiere minsken de grûn dan fan de gemeente oant dat dizze ‘liening’ wer werombetelle is. Sa wurdt it dus in tydlike erfpacht. Mei dizze saneamde grûnbûne finansiering wolle ferskate gemeenten besykje om mear huzen miljeufreonliker te meitsjen.

Liene no te dreech
Lang net alle hûseigeners kinne ferduorsuming fan harren hûzen betelje. En as de besparring op enerzjykosten úteinlik net safolle opsmyt as de ynvestearing yn de miljeufroenlike maatregels, dan sitte de hûseigeners mei in probleem. Dêrom is liene by banken faak dreech.

Apen en bearen
Banken en fersekerders moatte wol meiwurkje wolle oan de tydlike erfpachtkonstruksje, dêr’t de klimaatûnderhannelers no oer prate. De Nederlandse Vereniging van Banken sjocht apen en bearen by de konstruksje en fynt it in ‘uiterst complex paardenmiddel’, sa is te lêzen yn it artikel hjiroer yn de Volkskrant fan woansdei.

Bron: Omrop Fryslân