De bewenners fan de duorsume permakultuertún Frijlân yn Goutum fine it ûnbegryplik dat der in sinnepark neist harren pleats komt. Neffens de bewenners komt it park op goeie lânbougrûn en is it net neffens it belied dat earst dakken folle wurde mei sinnepanielen. Op Frijlân wenje sûnt in oantal jierren minsken off grid, se binne selsfoarsjennend.
Frijlân – Foto: Omrop Fryslân
Op 10 maart wurdt troch Solar Proactive, Gutami Solar Development en Energie coöperatie Goutum in ynformaasjejûn organisearre oer in mooglik te realisearjen sinnepark oan de Kempenaersreed yn Goutum.
“In wâl fan izer”
“It is in megapark. Sa’t it no liket wurdt it 70 bunder, mar it wikselet noch wol. En it komt echt deun tsjin ús oan. Wy sjogge aanst tsjin in wâl fan izer oan,” seit Irma Abelskamp fan Frijlân. “Wy seagen leaver dat wy mei de Dairy Campus in heareboereprojekt delsette koene, om iten foar de stêd te meitsjen en wat te dwaan foar it bioferskaat.”
En dat is net it iennige, seit Abelskamp. “Goeie lânbougrûn wurdt fergriemd troch ticht mei sinnepanielen op de boaiem te kommen. Dat is net goed foar it boaiemlibben en sa hat de boaiem ek mar ien funksje, wylst wy fine dat grûn eins minimaal trije funksjes hawwe moat. As je de panielen omheech bringe, soene je der ek noch lânbou ûnder hawwe kinne. Sa hawwe mear minsken der profyt fan.”
“Proseduere net netsjes folge”
Sy is benammen ûntefreden oer de ynformaasjefoarsjenning. “De proseduere is gewoan net soarchfâldich, boargers wurde net goed meinommen. Der is ien ynformaasjejûn en de wike dêrnei lizze sy de fergunningoanfraach del by de gemeente. It is in oerfaltechnyk. Dêr binne wy net wiis mei. It moat allegearre fluch om jild te krijen, wylst der just ôfsprutsen is Ljouwert mei te nimmen yn it meitinken. Dat woene wy ek, wy sizze ek net foarôf: dit wolle wy net. Mar dy proseduere wurdt net netsjes folge. De ynformaasjejûn is allinne: dit komt der. Mear net. As ik boeren yn de omkriten freegje, hear ik dat sy net iens útnûge binne.”
Ek soargen by gemeente
Neffens Abelskamp stiet sy net allinnich yn har stânpunt. “De gemeente hat ek soargen oer it tempo en hoe’t der mei omgien wurdt. Sy sizze ek dat it wichtich is om de omjouwing mei te krijen. It moat fluch yn it ramt fan in SDE-regeling om subsydzje op te striken. Wy hoopje dat minsken wol nei de gearkomste komme, dat is tiisdeitejûn om 19.00 oere yn it Van der Valk-hotel.”
Irma Abelskamp fan Frijlân
Plannen foar de wyk Middelsee ûnder it Van Harinxmakanaal yn Ljouwert – Foto: Gemeente Ljouwert
Bron: Omrop Frylân