Opinie: Meitsje fan ús lânskip gjin enerzjyfabryk

Jan Willem Tuininga


Nei tal fan oare gemeenten yn Fryslân, seach ôfrûne woansdei ek de Ljouwerter gemeenteried syn kâns om in statement tsjin ús lânskip te meitsjen. PAL GrienLinks wol dat alle doarpen yn de gemeente Ljouwert in wynmûne fan mar leafst hûndert meter delsette meie.

Boppedat soe der romte komme moatte om it folsleine bûtengebiet fol te plantsjen mei de lytsere fariant, de saneamde Grinzer wynmûne fan fyftjin meter heech. Noch slimmer: einliks soe hiel Fryslân dy romte ha moatte, sa wie de oprop.

Skylge

Ik kom al jierren op ús moaie eilân Skylge. Wannear’t wy dêr mei moai helder waar op in heech dún steane en nei ús moaie Fryske fêstelân sjogge, dan binne der in pear werkenbere punten. De Achmeatoer yn Ljouwert en tal fan tsjerketuorren.

It ferlechje dat Fryslân oars net genôch enerzjy opwekket kin fuort en daliks it jiskefet yn

As it oan GrienLinks leit, dan komme der aanst nochris fjouwerhûndert pylken by. Mûnen, better sein: gehakmûnen, dy’t it ek de lêste greidefûgels noch dreger meitsje sille.

Sânwinning

Yn dat ljocht is it ek net te ferklearjen dat in partij foar de bisten (Partij voor de Dieren, PvdD) dit ferhaal stipe, ôfrûne woansdei. Sels it CDA yn de haadstêd stipe it.

Nei it debakel yn de Fryske Marren mei de sânwinning, wie fansels al dúdlik dat lokale ôfdielingen fan dy partij it lânskip net al te heech yn it findel stean ha. Ik hoopje dan ek fan herte dat de provinsjale tûke fan dizze partij wurd hâldt en it provinsjale bestjoersakkoart neilibbet.

Wynmûnewingewest

It is mar goed dat de provinsje oer de ynpassing fan de wynmûnen giet en it Fryske bestjoersakkoart der dúdlik yn is. It ferlechje dat Fryslân oars net genôch enerzjy opwekket foar de klimaatopjeftes kin fuort en daliks it jiskefet yn. Mei it nije wynpark wekket Fryslân al hast 6 persint op, wylst ús provinsje mar 4 persint fan alle enerzjy yn Nederlân ferbrûkt.

It soe better wêze dat bestjoerlik Fryslân noed hat foar ús lânskip en ús provinsje net as wynmûnewingewest foar it ryk yn de etalaazje set.

Dêrom sizze wy: meitsje fan ús lânskip gjin enerzjyfabryk.

Jan Willem Tuininga is fraksje-foarsitter fan de FNP yn Ljouwert

Bron: https://frieschdagblad.nl/2019/12/11/opinie-meitsje-fan-us-lanskip-gjin-enerzjyfabryk?harvest_referrer=https:%2F%2Ft.co%2Fo9pY2J5Rek%3Famp%3D1