It kostet in soad tiid, enerzjy en it is mar de fraach oft it ek echt opsmyt wêr’t je op hoopje. Dat is de konklúzje fan it bestjoer fan de nije enerzjykoöperaasje yn Folsgeare oer it oprjochtsjen fan sa’n koöperaasje. Sneon wurdt it earste sinnedak fan de koöperaasje offisjeel yn gebrûk naam, mar maklik wie dat net.
Sa slagge it lange tiid net om genôch ynwenners safier te krijen om mei te dwaan, koene se net in geskikt dak fine en kaam der in soad papierwurk efterwei. It doel wie om it folsleine doarp enerzjyneutraal te meitsjen, mar dêrfoar is noch folle mear nedich. It earste dak hat goed 220 panielen en smyt genôch stroom op foar 20 persint fan it doarp. Der moatte dus nochris fjouwer fan sokke dakken by.
Syktocht nei in geskikt dak
“Dat earste dak fine wie net samar foarinoar. It dak moast sterk en grut genôch wêze foar safolle panielen en it mocht net te fier bûten de bebouwing stean omdat oars de kabel derhinne te djoer wurde soe”, fertelt Bauke Posthuma fan de enerzjykoöperaasje. Hy is de inisjatyfnimmer fan it hiele plan. Syn eigen dak leit al fol mei panielen en der is ek in waarmtepomp. “Myn hûs is dêrmei hast enerzjyneutraal, mar dat wol ik eins foar it hiele doarp.”
Posthuma gie mei oare frijwilligers op syk nei in geskikt dak. Dat wie yn it doarp sels úteinlik net te finen en dus lizze de panielen yn Aldegea op in pleats. “De kommende fyftjin jier moat dat foar ús enerzjy opsmite. Dêrnei binne de panielen ôfskreaun en mei de boer se sels brûke. Dat moat nochris tsien jier kinne.”
Tiidslinend projekt
Neffens it bestjoer fan de enerzjykoöperaasje yn Folsgeare kostet it allegearre in soad tiid. Dochs wolle se besykje de oare fjouwer sinnedakken ek fol te krijen. “De earste is altyd it dreechste”, seit foarsitter Hans Nieuwenhuijssen. “Mar no kinne we minsken echt wat sjen litte, om’t it earste dak der leit. Dat betsjut dat it makliker wurdt om minsken safier te krijen mei te dwaan oan in kommend dak. It is minder abstrakt.”
Yn Folsgeare binne se de earste drompel oer, mar by in soad oare doarpen is it úteinlik net slagge. Posthuma: “Ik haw by in hiel soad doarpen yn de gemeente Súdwest-Fryslân sjoen. Se rinne eins allegearre tsjin itselde oan. Se witte net hoe’t se begjinne moatte en as se dat ien kear witte, feroarje de regels sa fluch dat it foar frijwilligers hast net by te hâlden is.”
Gemeente kin help biede
Ald-wethâlder Mirjam Bakker fan Súdwest-Fryslân befêstiget dat it foar in soad inisjativen dreech is. “Ik heb in verleden met heel veel van deze projecten om tafel gezeten. Ze gaven dan vaak aan dat het voor vrijwilligers bijna niet te doen is door die enorme papierwinkel.” Neffens Bakker is it dêrom wichtich foar gemeenten om de frijwilligers te helpen. “Met name ook door de verschillende initiatieven met elkaar in contact te brengen. Daardoor hoeven ze niet elk afzonderlijk weer het wiel uit te vinden.”
Bron: Omrop Fryslân