Fryslân hat flinke efterstân as it giet om enerzjydoelstellings

Fryslân rint flink achter op de doelstellings foar enerzjybesparring. Dat blykt út de Enerzjymonitor, dy’t de provinsje byhâldt. Neffens de enerzjydoelstellings moat der yn 2020 sa’n 20 prosint minder enerzjy brûkt wurdt as yn 2010. Mar oant no ta komt dêr neat fan telâne.

Yn de fjouwer sektoaren lânbou, ferkear en ferfier, yndustry en de beboude omjouwing wurdt op dit stuit yn totaal noch mar 0,9 prosint minder enerzjy brûkt as acht jier lyn. En dy besparring komt folslein op it konto fan de beboude omjouwing. Yn ús hûzen en gebouwen besparje we goed 13 prosint. Alle oare sektoaren dogge it minder as yn 2010.

De grutste skuldige is ferkear en ferfier mei 8 prosint mear enerzjyferbrûk as acht jier lyn. De yndustry brûkt hast 5 prosint mear. En de agraryske sektor goed 2 prosint.

Tsjeard Hofstra
Yn it ramt fan it nasjonale klimaatakkkoart dat der ein dizze wike lizze moat, praat Omrop Fryslân de kommende dagen mei deskundigen oer de trije sektoaren, dêr’t de besparring net fan de grûn komt. As earste is Tsjeard Hofstra oan bar. Hy is wurksum by duorsumensorganisaasje Urgenda en bekend fan de Elfwegentocht fan ôfrûne simmer.

Hofstra wurket ek in dei yn ‘e wike foar Circulair Friesland, in organisaasje dêr’t bedriuwen, oerheid en kennisynstellings gearwurkje op it mêd fan duorsumens. Hofstra is spesjalist ferkear en ferfier. Hy fynt dat we foaral sels oan de slach moatte om enerzjy te besparjen op ‘e dyk.

Bron: Omrop Frylân