Ljouwert ferliest rjochtsaak om wynmûne Reduzum

De gemeente Ljouwert hat in rjochtsaak ferlern foar in nije wynmûne yn Reduzum. De provinsje wol net dat de âlde mûne ferfongen wurdt fanwege provinsjaal belied. De rjochtbank is it dus iens mei dat belied. Foar de stichting Doarpsmûne Reduzum is de útspraak min nijs, want de mûne is âld en eins fersliten. De opbringst is minimaal en de kosten rinne op.

Foarsitter Henk Vellinga fan de Redúster doarpsmûne is wiis mei de stipe fan de gemeente. De útspraak fan de bestjoersrjochter is in stapke yn in lang proses. “It wurdt der troch dizze útspraak net better op, mar in protte makket it net út. We moatte no earst wachtsje op de gemeente, want dy kin heger berop oantekenje tsjin de útspraak.” Vellinga wit net hoelang de âlde mûne noch draaiende bliuwt. “We krije in protte stipe, útsein fan in pear deputearren en in pear steateleden. It is spitich dat it sa rint.”

Bron: Omrop Fryslân.